Wanneer:
25 januari 2020 @ 20:15 – 21:15
2020-01-25T20:15:00+01:00
2020-01-25T21:15:00+01:00
Waar:
Sense Dokkum

DE MAN FAN DYN LIBBEN

In tragikomeedzje fol leafde en wraak, skreaun troch Arthur Japin n.o.f. syn boek ‘De man van je leven.’ Yn it Frysk oerset troch Marijke Geertsma
Spilers: Jan Arendz, Marijke Geertsma en Anke Bijlsma.
Rezjy: Bruun Kuijt.

‘De man fan dyn libben’ giet oer in frou dy’t siik is en net wer better kin. Om har man goed achter te litten, siket se in nije leafde foar him. Sy set dêrom in kontaktadfertinsje en der komt in moaie jongere frou op ôf. Kin net moaier, soene je tinke. Mar dan blykt dat har man en dy jongere frou elkoar al kenne en komt
de fraach om de hoeke: wat foar spul wurdt hjir eins spile en wa hâldt wa no foar de gek? Neat is wat it liket… De foarstelling is jûnfoljend mei in skoft en wurdt spile op sneon 25 jannewaris om 20.15 oere yn Theater Sense…

Bestel hier uw ticket