Dokkum is foar my DE stêd. Ik bin opgroeid op de Lytse Jouwer en wy wienen oriëntearre nei ferskillende kanten, de skoalle stie op de Hantumerhoeke, tsjerklik wienen wy oansluten by Raard/ Foudgum en foar winkeljen kamen wy yn Dokkum. Mei ús mem op de fyts en ik kin my noch yn it sin bringe dat der op de Breedstrjitte in Jaminwinkel siet. Dêr kocht ús mem altyd in staaf iis. Dat kaam dan yn doaske fan pypskûm en fansels de boartersguodwinkel fan van Houten. Letter gie ik nei de grutte skoalle yn Dokkum. Allinnich op de fyts nei de Wiekslag oan de Eelaan. En wannear’t wy op stap gienen dan wie dat nei de Zambezi yn Dokkum. Swimme, muzykles ek dêrfoar gie ik nei Dokkum. En de stêd hat dus altyd in rol spile yn myn deistich libben. Dokkum is in prachtige stêd, ien fan de 25 moaiste fan Nederlân, mar foaral is Dokkum de stêd foar de regio. De regio noardeast Fryslân kin wiis wêze mei de stêd dêr’t alle wegen byelkoar komme, de asfaltwegen, de wetterwegen en de digitale snelwei.

It histoarysk karakter fan de stêd makket ek dat it in kompakte stêd is.En soks soarget wolris foar konklikten. Is de binnenstêd wol berekkene op al dat autoferkear dat Dokkum as trochgongsrûte brûkt en wat is aanst de ynfloed fan de Sintrale As op de stêd. Fraachstikken dêr’t de kommende tiid in antwurd op komme moat. Dokkum hat as regiostêd fansels útstrieling nei de hiele Noardeasthoeke. Bern fan ferskillende gemeentes geane yn Dokkum nei it fuortsetûnderwiis, foar muzykûnderwiis, foar sport, foar kultuer en Dokkum hat dat allegear. Op dit stuit set de musical Bonifatius Dokkum wer yn de spotlights. Foar de twadde kear wurdt dizze musical útfierd yn de Bonifaituskapel. Dokkum is ferbûn mei dizze earst Europeaan, Bonifatius dy’t in kearpunt yn it kristlike libben kreëarre yn Noardeast Fryslân. En Dokkum sil altyd in kearpunt bliuwe, want is it de noardlikste stêd fan Nederlân en by de alvestêdetocht moat men letterlik Dokkum as kearpunt passearje.

Mar Dokkum stiet ek oan it begjin, want tichtby leit it wrâlderfguod, de Waadsee en Dokkum is de iennichste Waadseestêd yn Nederlân. En dêrom moatte wy grutsk wêze op ús stêd, want:

Dokkum brûst!

                                               Dokkum rûst!

                                                                                Dokkum is it hert fan Noardeast Fryslân!

Pytsje de Graaf

Ik wol graach it stokje trochjaan oan Herman F. de Vries. Hy wie 13 jier as predikant ferbûn oan Ternaard en is no predikant yn Dokkum. Ik bin benijd hoe’t hy tsjin Dokkum oansjocht.