Wanneer:
26 september 2022 @ 15:00 – 15:30
2022-09-26T15:00:00+02:00
2022-09-26T15:30:00+02:00

Geartsje Douma komt nei de bibleteek mei har keyboard, in koffer fol muzykynstruminten en fansels mei de Tomke-poppen. Kom lústerjen nei it Tomke-ferhaal, meitsje muzyk en sjong en dûnsje mei!

Tomke hat hjoed, krekt as Kornelia, gjin nocht om him oan te klaaien. Dêrom meitsje se der in pyjamadei fan. Úteinlik rint de pyjamadei út op in feestje! Tomke fynt it gesellich dat jim syn pyjamafeestje mei fiere wolle!


Wa’t it leuk fynt, mei yn de pyjama komme, dan meitsje we der in moai feestje fan!

Foar wa is de workshop?
Dizze foarstelling is foar pjutten en beukers (2 – 4 jier) en harren âlden.

De workshop is net foar groepen fan berne- of pjuttelokaasjes. Dêr komt al in frijwilliger foarlêzen út it nijste Tomke-boekje.

Oanmelde is nedich
De tagong is fergees (gratis), mar oanmelde is wol needsaaklik. Dat kin fia ûndersteande knop of by de balie fan ien fan ús bibleteken. Jo hoeche allinnich jo bern op te jaan, net jo sels.

Lês-mar-foar-wiken
Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân wer foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Mear witte? Sjoch foar alle ynfo oer de Lês-mar-foar-wiken op www.tomke.frl/les-mar-foar-wiken.

Tomke-boekje
Fanôf 3 septimber leit it nijste Tomke-boekje yn de byb: ‘Thús by Tomke!’ Foar de âldere bern is der wer in nij Keimpe de krokodil-boekje! En der leit fanôf ûngefear ein augustus ek in moaie kleurplaat klear yn de byb, kom gau del!